Thomas Edison

De jonge Edison njonken syn fonograaf
(in) A Day with Thomas Edison (1922)

Thomas Alva Edison ( Milan ( Ohio), 11 febrewaris 1847 - West Orange ( Nij-Jersey), 18 oktober 1931) wie in Amerikaanske útfiner mar fral sakeman dy't syn fortún makke troch útfinings fan oaren op te keapjen en de oktroaien op syn eigen namme fêst te lizzen. As bliken die dat dy súksesfol wiene, perfeksjonearre hy dy en naam se yn produksje. Edison is noch hieltyd rekordhâlder wat it grutste tal patinten oanbelanget dy't oan ien persoan takend binne (± 1400).

Menlo Park

De grutste bydrage fan Edison oan de foarútgong wie nei alle gedachten wol it ûndersykslaboratoarium fan him yn Menlo Park ( New Jersey). Dat laboratoarium wie spesjaal opsetten om nije dingen te ûntwikkeljen en technologyske foarútgong te meitsjen en kin sjoen wurde as it earste kommersjele researchlaboratoarium. Tsjintwurdich beskikt elts technologybedriuw oer in selde soarte lab. It meastepart fan de saken dy't yn Menlo Park betocht en ûntwikkele waarden, krige hy it oktroai fan, hoewol't Edison de lieding hie oer it laboratoarium waard lang net alles troch him sels betocht.

De gloeilampe en de fonograaf (1877) binne twa fan syn bekendste produkten. Oars as in protte minsken tinke wie Edison net de earste betinker fan de koalstof gloeitried, mar Heinrich Göbel. Edison ferbettere allinnich it prosedee foar de produksje dêrfan. Hy liet ek protte ûndersyk dwaan op it mêd fan de telegrafy. Yn 1883 ûntdekten ûndersikers it nei him ferneamde Edisoneffekt, de stroomoergong yn fakuüm tusken in gloeitried en in metaalplaat, hokker ûntdekking fan belang wie foar de ûntwikkeling fan de elektroanebuizen. Edison spile ek in wichtige rol by it ta stân kommen fan de technyk fan de film. Fierders hat Edison meiwurke oan de ûntwikkeling fan de elektryske stoel.

Edison wie ek belutsen yn in felle konkurrinsjestriid mei George Westinghouse en syn wichtige meiwurker Nicola Tesla. Edison wie foarstanner fan in ljochtnet op lykstroom. Westinghouse wie foarstanner fan wikselstroom. By dizze ' elektrisiteitsoarloch' waard fan alles úthelle om elkoar swart te meitsjen. Lykwols waard it pleit wûn foar it brûken fan wikselstroom: dat is noch hieltyd de noarm fan it elektrisiteitsnet.

Other Languages
Afrikaans: Thomas Edison
Aymar aru: Thomas Edison
Alemannisch: Thomas Alva Edison
العربية: توماس إديسون
azərbaycanca: Tomas Alva Edison
žemaitėška: Tuoms Edėsuons
беларуская: Томас Эдысан
беларуская (тарашкевіца)‎: Томас Эдысан
български: Томас Едисън
Bislama: Thomas Edison
Bahasa Banjar: Thomas Alva Edison
brezhoneg: Thomas Edison
bosanski: Thomas Edison
Chavacano de Zamboanga: Thomas Edison
Mìng-dĕ̤ng-ngṳ̄: Thomas Edison
Cebuano: Thomas Edison
Cymraeg: Thomas Edison
Ελληνικά: Τόμας Έντισον
English: Thomas Edison
français: Thomas Edison
Gaeilge: Thomas Edison
贛語: 愛迪生
Avañe'ẽ: Thomas Edison
गोंयची कोंकणी / Gõychi Konknni: Thomas Edison
ગુજરાતી: થૉમસ ઍડિસન
客家語/Hak-kâ-ngî: Thomas Eddison
Հայերեն: Թոմաս Էդիսոն
Fiji Hindi: Thomas Edison
interlingua: Thomas Edison
Bahasa Indonesia: Thomas Alva Edison
Ilokano: Thomas Edison
Yorùbá: Thomas Edison
italiano: Thomas Edison
Qaraqalpaqsha: Thomas Edison
Taqbaylit: Thomas Edison
Gĩkũyũ: Thomas Edison
Кыргызча: Эдисон, Томас
къарачай-малкъар: Эдисон, Томас Альфа
Ripoarisch: Thomas Alva Edison
Lëtzebuergesch: Thomas Alva Edison
Limburgs: Thomas Edison
lumbaart: Thomas Edison
لۊری شومالی: توٙماس ئدیسون
lietuvių: Thomas Edison
latviešu: Tomass Edisons
Basa Banyumasan: Thomas Alva Edison
Malagasy: Thomas Edison
မြန်မာဘာသာ: သောမတ် အက်ဒီဆင်
македонски: Томас Алва Едисон
Bahasa Melayu: Thomas Edison
Mirandés: Thomas Edison
مازِرونی: ادیسون
नेपाल भाषा: थोमस एडिसन
Nederlands: Thomas Edison
norsk nynorsk: Thomas Edison
occitan: Thomas Edison
Livvinkarjala: Thomas Edison
ਪੰਜਾਬੀ: ਥਾਮਸ ਐਡੀਸਨ
Kapampangan: Thomas Edison
Piemontèis: Thomas Edison
português: Thomas Edison
armãneashti: Thomas Alva Edison
русиньскый: Томас Едісон
संस्कृतम्: थामस् एडिसन्
саха тыла: Томас Эдисон
srpskohrvatski / српскохрватски: Thomas Alva Edison
Simple English: Thomas Edison
slovenčina: Thomas Alva Edison
slovenščina: Thomas Alva Edison
Gagana Samoa: Thomas Edison
Soomaaliga: Tomas Edison
српски / srpski: Томас Алва Едисон
Basa Sunda: Thomas Alfa Edison
svenska: Thomas Edison
Kiswahili: Thomas Edison
Türkmençe: Tomas Edison
Tagalog: Thomas Edison
Türkçe: Thomas Edison
татарча/tatarça: Томас Эдисон
ئۇيغۇرچە / Uyghurche: توماس ئېدىسون
українська: Томас Алва Едісон
oʻzbekcha/ўзбекча: Thomas Edison
vepsän kel’: Edison Tomas Alva
Tiếng Việt: Thomas Edison
Volapük: Thomas Edison
Winaray: Thomas Edison
吴语: 爱迪生
Zeêuws: Thomas Edison
中文: 爱迪生
粵語: 愛迪生
Bân-lâm-gú: Thomas Edison
Kabɩyɛ: Thomas Edison