Sineesk

Ferspriedingsgebiet Sineeske talen

Sineesk of Sineeske talen is in sammelnamme foar in groep talen dy't mei elkoar de Sinityske tûke fan de Sino-Tibetaanse taalfamylje foarmje. Meastal wurdt mei Sineesk it standertmandaryn bedoeld, de offisjele taal fan de Folksrepublyk Sina, fan Taiwan en fan Singapore. Dy standerttaal is basearre op it Beijinghua, it Pekingdialekt fan it Mandaryn, de grutste fan de Sineeske talen. Feitlik kin it Sineesk beskôge wurde as in makrotaal, dy't sprutsen wurdt troch ûngefear 1,22 miljard minsken, benammen yn Sina, Taiwan, mar ek yn oare lannen fan it Fiere Easten, wêrûnder Maleizje, Tailân, Yndoneezje en Singapore. Ek wurdt de taal sprutsen troch in soad oerseeske Sinezen.De Sineeske talen besteane al heul lang, der binne al geskriften weromfûn fan mear as 2500 jier lyn en Sineeske karakters op orakelbonken dy't noch âlder binne.

Der binne tsien Sineeske talen dy't ûnderdiel binne fan de Sineeske makrotaal:

Fierders binne der noch fiif Sineeske talen dy't noch net troch linguïsten yndield binne:

  • Waksianghua 瓦乡话
  • Ksiangnantuhua 湘南土话
  • Yuebeituhua 粤北土话
  • Danzhouhua 儋州话
  • Junhua 军话

Dizze talen kinne omskreaun wurde mei Sineeske karakters, Hanzy. Dêrneist binne der talen as it Yi dy't ek yn Sina sprutsen wurde.

Karakters

Der binne ûngefear 12.000 moderne Sineeske karakters ( Hanzy). Yn it ferline hawwe der folle mkear west. It Kangksy wurdboek, skreaun yn de Kwing-dynasty beslaat 47.035 karakters. It resinte Hanyu Cidian beslaat sa'n 56.000 karakters, mar hjir binne ek karakters by dy't no yn ûnbrûk rekke binne.

In soad karakters kinne op harsels meardere betsjuttings hawwe, mar meastal bestiet in wurd út twa of mear karakters, of kin út de kontekst opmakke wurde hokker betsjutting bedoeld wurdt.

De gemiddelde Sinees ken ûngefear 4.000 karakters, 6.000 karakters wurdt sjoen as it minimum om je oan melde te kinnen foar in univerrsitêre oplieding, heech opliede Sinezen kenne ûngefear 7.000 oant 10.000. De komplekse wurking fan dit skrift soarget derfoar dat in soad minsken yn Sina en dêr wêr't de Sineeske talen sprutsen wurde net of net goed genôch lêze of skriuwe kinne. Neffens de CIA-The World Factbook kin 14% fan de Sinezen net lêze of skriuwe.

Om de swierrigensgraad fan it Sineeske skrift hat it kommunistyske bewâld yn de begjinjierren it ôfskaffe wold om it hielendal te ferfangen troch Hanyu pinyin. Dat brocht lykwols it probleem mei him dat eltsenien goed Mandaryn lêze en ferstean kenne moast. Ek soe skreaun Sineesk, troch de protte homofoanen yn de taal, tige slim lêsber wurde. Uteinlik is dêrom fan it plan ôfsjoen. Wol binne yn de jierren 50 fan de 20e iuw de ferienfâldige karakters ynfierd, dy't it skrift makliker meitsje maosten. Oer de fraach oft it Sineesk troch dizze simplifikaasje yndie makliker wurdn is binne de mienings slim ferdield.

In yn it Sineeske skrift stelde tekst is foar elke lettere Sineesk te begripen, al kinne twa sprutsen ferzjes fan deselde tekst ûnderling folslein ûnfersteanber wêze. As it Latynske alfabet echt ynfierd wie hie elke taal syn eigen skriuwwize krigen en soenen ek skreaune teksten ûnderling net begrypelik wêze.

Of it Latynske alfabet sowieso al in opsje west hawwe kind hie is no noch faak in punt van diskusje. Krektas yn it Fietnameesk soe men dan needsake wêze om tige yntisyf mei kombinearre diakrityske tekens wurkje te maottten. TRoch de protte homonimen yn it Mandaryn Sineesk soe in tekst noch folle yngewikkelder wurde om te begripen. Ta yllustraasje in ferneamde Sineeske tongbrekker wêrút dúdlik wurdt dan in soad karakters der ferkillend útsjogge, wat ferskillends betsjutte mar wol itselde of hast itselde útsprutsen wurdde. It betreft in koart ferhaaltsje yn it klassike Mandaryn skreaun mei karakters dy't allegear transliterearre wurde kinne as 'shi'. Allinnich de toan is ferskillend!

Hànzy Hànyǔ pīnyīn Fryske oersetting
施氏食獅史 shīshìshíshīshǐ It ferhaal fan menear Shi dy't liuwen yt
石室詩士施氏,嗜獅,誓食十獅。 shíshìshīshìshīshìshìshīshìshíshíshī Der is n dichter waans famyljenamme Shi wie, hy wennet yn in stiennen keamer en hâld der fan om liuw te iten, hy swarde tsien liuwen te iten.
施氏時時適市視獅。 shīshìshíshíshìshìshìshī At er koe gie menear Shi nei de merk om foar liuwen te sjen.
十時,適十獅適市。 shíshíshìshíshīshìshì Om tsien oere, kamen tsien liuwen nei de merk.
是時,適施氏適市。 shìshíshìshīshìshìshì En menear Shi kaam ek nei de merk.
氏視是十獅,恃矢勢,使是十獅逝世。 shìshìshìshíshīshìshǐshìshǐshìshíshīshìshì Menear Shi seach de tsien liuwen en brûkte pylk-en-bôge om de tsien liuwen te deadzjen.
氏拾是十獅尸,適石室。 shìshíshìshíshīshīshìshíshì Menear Shi naam de lichems fan de tsien liuwen mei en brocht se nei syn stienen keamer.
石室濕,氏使侍拭石室。 shíshìshīshìshǐshìshìshíshì De stienen keamer wie wiet, menear Shi frege de betsjiner om de keamer skjin te meitsjen.
石室拭,氏始試食是十獅。 shíshìshìshìshǐshìshíshìshíshī De stienen keamer wie klear, menear Shi besocht om de tsien liuwen op te iten.
食時,始識是十獅,實十石獅尸。 shíshíshǐshíshìshíshīshíshíshíshīshī Doe't hy ite woe, fernom hy dat de liuwen fan stien wienen.
試釋是事。 shìshìshìshì Besykje de situaasje te ferklearjen.

shī: De earste toan is read kleure.
shí: De twadde toan is grien kleure.
shì: De tredde toan is blau kleure.
shǐ: De fjirde toan is pears kleaure.

Other Languages
Acèh: Bahsa Cina
Afrikaans: Chinees
አማርኛ: ቻይንኛ
aragonés: Idioma chinés
العربية: لغة صينية
مصرى: لغه صينى
asturianu: Idioma chinu
azərbaycanca: Çin dili
تۆرکجه: چین دیلی
башҡортса: Ҡытай теле
Boarisch: Kinäsisch
žemaitėška: Kėnu kalba
Bikol Central: Tataramon na Intsik
беларуская: Кітайская мова
беларуская (тарашкевіца)‎: Кітайская мова
български: Китайски език
भोजपुरी: चीनी भाषा
বাংলা: চীনা ভাষা
བོད་ཡིག: རྒྱ་སྐད།
brezhoneg: Yezhoù sinaek
bosanski: Kineski jezik
буряад: Хитад хэлэн
Mìng-dĕ̤ng-ngṳ̄: Háng-ngṳ̄
нохчийн: Цийн мотт
Cebuano: Inintsik
Cymraeg: Tsieineeg
qırımtatarca: Çin tili
čeština: Čínština
словѣньскъ / ⰔⰎⰑⰂⰡⰐⰠⰔⰍⰟ: Срѣдиньскъ ѩꙁꙑкъ
Чӑвашла: Китай чĕлхи
davvisámegiella: Kiinnágiella
dolnoserbski: Chinšćina
ދިވެހިބަސް: ސީނީ
Esperanto: Ĉina lingvaro
español: Idioma chino
eesti: Hiina keel
euskara: Txinera
estremeñu: Luenga china
Võro: Hiina kiil
føroyskt: Kinesiskt mál
Gaeilge: An tSínis
贛語: 漢語
Gàidhlig: Sìonais
Avañe'ẽ: Chinañe'ẽ
ગુજરાતી: ચાઇનીઝ ભાષા
Hausa: Sinanci
客家語/Hak-kâ-ngî: Hon-ngî
हिन्दी: चीनी भाषा
հայերեն: Չինարեն
Fiji Hindi: Chinese bhasa
hrvatski: Kineski jezik
hornjoserbsce: Chinšćina
magyar: Kínai nyelv
Bahasa Indonesia: Bahasa Tionghoa
ייִדיש: כינעזיש
íslenska: Kínverska
italiano: Lingua cinese
日本語: 中国語
la .lojban.: jugbau
Basa Jawa: Basa Cina
ქართული: ჩინური ენა
Qaraqalpaqsha: Qıtay tili
Адыгэбзэ: Хъутеибзэ
Kongo: Kisinwá
Кыргызча: Кытай тили
қазақша: Қытай тілі
ភាសាខ្មែរ: ភាសាចិន
ಕನ್ನಡ: ಚೀನಿ ಭಾಷೆ
한국어: 중국어
kernowek: Chinek
лезги: Китай чIал
Limburgs: Chinees
lumbaart: Lengua cinesa
lingála: Lisinwa
لۊری شومالی: زۊن چینی
lietuvių: Kinų kalba
मैथिली: चीनी भाषा
Malagasy: Fiteny sinoa
မြန်မာဘာသာ: တရုတ်ဘာသာစကား
Baso Minangkabau: Bahaso Cino
македонски: Кинески јазик
മലയാളം: ചൈനീസ് ഭാഷ
монгол: Хятад хэл
मराठी: चिनी भाषा
Bahasa Melayu: Bahasa Cina
Mirandés: Lhéngua chinesa
مازِرونی: چینی زوونون
Dorerin Naoero: Dorerit Tsiene
Plattdüütsch: Chineesche Spraak
नेपाल भाषा: चिनिया भाषा
Nederlands: Chinese talen
norsk nynorsk: Kinesisk
norsk: Kinesisk
Novial: Chinum
occitan: Chinés
ਪੰਜਾਬੀ: ਚੀਨੀ ਭਾਸ਼ਾ
Picard: Kinos
پنجابی: چینی
português: Língua chinesa
Runa Simi: Chun simi
română: Limba chineză
русиньскый: Кітайскый язык
संस्कृतम्: चीनी भाषा
саха тыла: Кытай тыла
sicilianu: Lingua cinisa
srpskohrvatski / српскохрватски: Kineski jezik
Simple English: Chinese language
slovenčina: Čínština
slovenščina: Kitajščina
Gagana Samoa: Fa'asaina
српски / srpski: Кинески језик
Sesotho: Se-china
svenska: Kinesiska
Kiswahili: Kichina
ślůnski: Chińskŏ gŏdka
தமிழ்: சீன மொழி
తెలుగు: చైనీస్ భాష
тоҷикӣ: Забони чинӣ
reo tahiti: Reo Tinitō
Türkmençe: Hytaý dili
Tagalog: Wikang Tsino
Türkçe: Çince
татарча/tatarça: Кытай теле
Twi: Chinese
ئۇيغۇرچە / Uyghurche: خەنزۇ تىلى
українська: Китайська мова
oʻzbekcha/ўзбекча: Xitoy tili
Tiếng Việt: Tiếng Trung Quốc
Volapük: Tsyinänapük
吴语: 漢語
хальмг: Китдин келн
მარგალური: ჩინური ნინა
Vahcuengh: Vahgun
中文: 汉语
文言: 漢語
粵語: 唐文
Bân-lâm-gú: Hàn-gí
isiZulu: IsiShayina
Lingua Franca Nova: Xines