Paulus VI (paus)
English: Pope Paul VI

Paus Paulus VI

Paus Paulus VI waard berne as Giovanni Battista Enrico Antonio Maria Montini (Concesio (provinsje Brescia), 26 septimber 1897 - Castel Gandolfo, 6 augustus 1978) en wie paus fan 1963 oant syn dea yn 1978.

Paulus VI waard paus ûnder it Twadde Fatikaanske Konsylje, itjinge him in beslissende ynfloed joech yn in grut tal wichtige troch it konsylje oandroegen herfoarmings. As kardinaal waard Paulus VI as de fanselssprekkende opfolger fan paus Jehannes XXIII sjoen, dy't yn 1963 oan kanker ferstoar.

Wapen fan paus Paulus VI
Signature paolo vi editada.png

Paulus VI stie bekend om syn otterdokske stânpunt oangeande de antikonsepsje en seksualiteit, dy't er benammen yn syn ensyklyk Humanæ vitæ fan 1968 útlei. Dêrby naam er skerp ôfstân fan de doe nije antikonsepsjepil. Hy wie ek de earste paus dy't foar it earst mei it fleantúch de wrâld troch reizge, besocht tal fan lannen, ûnder oaren it Hillige Lân, en gie yn petear mei lieders fan oare grutte kristlike Tsjerken, lykas de aartsbiskop fan Canterbury, Michael Ramsey (haad van de Anglikaanske Tsjerke), en de patriarch van Konstantinopel, Athenagoras (haad fan de Gryksk-Otterdokske Tsjerke).

Yn 1970 ûntkaam paus Paulus VI op de twadde dei fan syn lêste grutte reis troch Aazje oan in oanslach op it fleanfjild fan Manilla op de Filipinen. De as preester ferklaaide Boliviaan Benjamín Mendoza y Amor Flores besocht de paus mei in mes te deadzjen. De lettere Amerikaanske aartsbiskop Paul Marcinkus en syn sekretaris Pasquale Macchi wisten de paus foar slimmer te behoedzjen.

Hy ferstoar yn 1978 yn de pauslike simmerresidinsje Castel Gandolfo oan in hertoanfal. Paulus VI waard yn de Fatikaanske Grotten byset, neffens syn winsk yn de grûn.

Hillichferklearring

It hillich ferklearjen folge op in wûnder yn de Feriene Steaten yn de jierren 1990. Wylst de mem noch swier wie fan in poppe rieden de artsen in abortus oan om't by it bern earnstige ôfwikings wiene fêststeld. De mem woe dat net en bea ta Paulus VI. It bern kaam sûn op de wrâld en op 6 maaie 2014 waard it wûnder troch de Roomsk-Katolike Tsjerke erkend. Noch yn itselde jier waard paus Paulus VI sillich ferklearre. Op snein 14 oktober 2018 waard Paulus VI troch Fransiskus hillich ferklearre. Yn de liturgy wurdt de paus op 26 septimber betocht.

Other Languages
Afrikaans: Pous Paulus VI
Aymar aru: Pawlu VI
Alemannisch: Paul VI.
aragonés: Pavlo VI
العربية: بولس السادس
asturianu: Pablo VI
azərbaycanca: VI Pavel
Boarisch: Paul VI.
беларуская (тарашкевіца)‎: Павал VI (папа рымскі)
български: Павел VI
brezhoneg: Paol VI
bosanski: Papa Pavao VI
català: Pau VI
Mìng-dĕ̤ng-ngṳ̄: Gáu-huòng Paulus 6-sié
Cebuano: Papa Pablo VI
Cymraeg: Pab Pawl VI
čeština: Pavel VI.
Deutsch: Paul VI.
dolnoserbski: Pawoł VI.
English: Pope Paul VI
Esperanto: Paŭlo la 6-a
español: Pablo VI
eesti: Paulus VI
euskara: Paulo VI.a
فارسی: پل ششم
suomi: Paavali VI
français: Paul VI
Gaeilge: Pápa Pól VI
Gàidhlig: Pàpa Pòl VI
客家語/Hak-kâ-ngî: Kau-fòng Paulus 6-sṳ
հայերեն: Պողոս VI
hrvatski: Pavao VI.
hornjoserbsce: Pawoł VI.
Bahasa Indonesia: Paus Paulus VI
Ilokano: Papa Pablo VI
íslenska: Páll 6.
italiano: Papa Paolo VI
ქართული: პავლე VI
ភាសាខ្មែរ: Pope VI
Latina: Paulus VI
Lëtzebuergesch: Paul VI. (Poopst)
lumbaart: Pàol VI
lingála: Pápa Polo VI
lietuvių: Paulius VI
latviešu: Pāvils VI
Malagasy: Paoly VI (papa)
македонски: Папа Павле VI
монгол: VI Паул
Bahasa Melayu: Paus Paulus VI
Plattdüütsch: Paul VI.
Nederlands: Paus Paulus VI
norsk nynorsk: Pave Paul VI
norsk: Paul VI
occitan: Pau VI
Kapampangan: Papa Pablo VI
polski: Paweł VI
português: Papa Paulo VI
Runa Simi: Pawlu VI
русский: Павел VI
sicilianu: Paulu VI
srpskohrvatski / српскохрватски: Pavao VI
Simple English: Pope Paul VI
slovenčina: Pavol VI.
slovenščina: Papež Pavel VI.
српски / srpski: Папа Павле VI
svenska: Paulus VI
Kiswahili: Papa Paulo VI
Tagalog: Papa Pablo VI
Türkçe: VI. Paulus
татарча/tatarça: Павел VI
українська: Павло VI
اردو: پال ششم
Tiếng Việt: Giáo hoàng Phaolô VI
Winaray: Papa Pablo VI
吴语: 保禄六世
中文: 保祿六世