Keamermuzyk

Under keamermuzyk wurdt klassike muzyk ferstien foar lytse besettings, yn Flaanderen wurdt 'ensemble' sein. Muzyk dy't jo by wize fan sprekken yn in (grutte) húskeamer (salon) spylje kinne. Keamermuzyk komt foar fan de barok ôf.

Lyts ensemble

Meast giet it om muzyk foar twa oant njoggen strikers, blazers of fokalisten, al of net yn kombinaasje mei piano. As in ynstrumint allinnich spilet, hat men it oer in solo-ynstrumint.

Tal muzikanten ien twa trije fjouwer fiif seis sân acht njoggen
Namme solo duo trio kwartet kwintet sekstet septet oktet nonet

Foarbylden: strykkwartetten, lieten mei of sûnder begelieding, klassike pianomuzyk. Sawat alle klassike komponisten ha strykkwartetten skreaun. Dy fan Mozart, Haydn, Schubert en Beethoven wurde it meast spile. Keamermuzyk wurdt ornaris yn húslike rûnte makke. Sa hienen Mozart en syn tiidgenoaten it ek bedoeld.

Other Languages
Alemannisch: Kammermusik
български: Камерна музика
čeština: Komorní hudba
Чӑвашла: Камера кĕвви
Deutsch: Kammermusik
English: Chamber music
Esperanto: Ĉambra muziko
hrvatski: Komorna glazba
magyar: Kamarazene
Bahasa Indonesia: Musik kamar
íslenska: Kammertónlist
日本語: 重奏
한국어: 실내악
Limburgs: Kamermeziek
lietuvių: Kamerinė muzika
latviešu: Kamermūzika
македонски: Камерна музика
Nederlands: Kamermuziek
norsk nynorsk: Kammermusikk
português: Música de câmara
srpskohrvatski / српскохрватски: Kamerna muzika
Simple English: Chamber music
slovenčina: Komorná hudba
slovenščina: Komorna glasba
српски / srpski: Камерна музика
svenska: Kammarmusik
українська: Камерна музика
Tiếng Việt: Nhạc thính phòng
中文: 室内乐
粵語: 室樂