George Orwell

George Orwell
Livro preto.svg skriuwer
George Orwell (parsefoto)
George Orwell (parsefoto)
persoanlike bysûnderheden
echte nammeEric Arthur Blair
nasjonaliteitFlag of the United Kingdom.svg Britsk
berne25 juny 1903
berteplakBritish Raj Red Ensign.svg Motihary, Yndia
stoarn21 jannewaris 1950 (46 jier)
stjerplakLonden
wurk
taalIngelsk
sjenreRoman, satire. essay
tema'sDystopy, kaairoman
bekendste
  wurk(en)
Animal Farm, Nineteen Eighty-Four
jierren aktyf1928–1950

George Orwell (Motihary, 25 juny 1903 - Londen, 21 jannewaris 1950), wiere namme Eric Arthur Blair, wie in Britsk skriuwer em sjoernalist.

Libben en wurk

Blair waard berne yn Yndia, as soan fan de Skotske Richard en Ida Blair. Doe't er ien jier âld wie naam syn mem him mei nei Ingelân dêr't er op in typysk Ingelske wize grutbrocht waard.

Hy tsjinne fan 1922 ôf fiif jier by de plysje in Birma, oant er it ymperialisme net mear oansjen koe. Yn 1933 keas er it pseudonym George Orwell, in ferwizing nei it Ingelske lânskip: "George" is Sint Joaris, de beskermhillige fan Ingelân; "Orwell" is de rivier de Orwell yn Suffolk, dy't er ien fan de moaiste plakken fan Ingelân fûn. Yn de Spaanske boargeroarloch focht Orwell mei yn de Ynternasjonale Brigade, dêr't er slim ferwûne by rekke.

Yn 1936 troude er mei Eileen O'Shaughnessy. It pear adoptearre in soan, Richard Horatio Blair. Yn dy tiid krige Orwell ek mear súkses as skriuwer, en yn 1944 skreau er syn bêste wurk, Animal Farm ('Bistepleats'), dat yn 1945 útkaam. It boek is in satire, skreaun as in oanklacht tsjin it Stalinisme. Yn datselde jier ferstoar syn frou by in operaasje.

Yn 1948 skreau er it boek dêr't er it meast ferneamd mei wurden is, Nineteen eighty-four ('Njoggentsjin-fjouwerentachtich'). It beskriuwt in takomstige, totalitêre wrâld, dêr't de minske folslein troch de steat oerhearske wurdt. It jiertal "1984" woe net sizze dat Orwell foar dat jier sa'n takomst foarseach; it wie gewoan "1948" mei twa sifers oarsom. It boek kaam út yn 1949. Yn de hjerst fan dat jier troude er op'e nij, mei Sonia Brownell. Op 21 jannewaris 1950 ferstoar George Orwell oan tuberkuloaze.

Other Languages
Afrikaans: George Orwell
aragonés: George Orwell
Ænglisc: George Orwell
العربية: جورج أورويل
asturianu: George Orwell
azərbaycanca: Corc Oruell
تۆرکجه: جورج اورول
беларуская: Джордж Оруэл
беларуская (тарашкевіца)‎: Джордж Орўэл
български: Джордж Оруел
brezhoneg: George Orwell
bosanski: George Orwell
català: George Orwell
Mìng-dĕ̤ng-ngṳ̄: George Orwell
Cymraeg: George Orwell
čeština: George Orwell
Deutsch: George Orwell
Ελληνικά: Τζωρτζ Όργουελ
English: George Orwell
Esperanto: George Orwell
español: George Orwell
euskara: George Orwell
فارسی: جرج اورول
français: George Orwell
Gaeilge: George Orwell
Gàidhlig: George Orwell
गोंयची कोंकणी / Gõychi Konknni: George Orwell
客家語/Hak-kâ-ngî: George Orwell
հայերեն: Ջորջ Օրուել
hrvatski: George Orwell
interlingua: George Orwell
Bahasa Indonesia: George Orwell
Ilokano: George Orwell
Yorùbá: George Orwell
íslenska: George Orwell
italiano: George Orwell
Basa Jawa: George Orwell
ქართული: ჯორჯ ორუელი
Taqbaylit: George Orwell
Кыргызча: Жорж Оруэлл
한국어: 조지 오웰
Lëtzebuergesch: George Orwell
lietuvių: George Orwell
latviešu: Džordžs Orvels
मैथिली: जर्ज अरवेल
Malagasy: George Orwell
македонски: Џорџ Орвел
монгол: Жорж Орвелл
кырык мары: Джордж Оруэлл
Bahasa Melayu: George Orwell
مازِرونی: جورج ارول
Nāhuatl: George Orwell
Plattdüütsch: George Orwell
Nederlands: George Orwell
norsk nynorsk: George Orwell
occitan: George Orwell
Livvinkarjala: George Orwell
Piemontèis: George Orwell
پنجابی: جارج اورویل
português: George Orwell
Runa Simi: George Orwell
română: George Orwell
sicilianu: George Orwell
srpskohrvatski / српскохрватски: George Orwell
Simple English: George Orwell
slovenčina: George Orwell
slovenščina: George Orwell
Soomaaliga: Joorj Orwel
српски / srpski: Џорџ Орвел
svenska: George Orwell
ślůnski: George Orwell
тоҷикӣ: Ҷорҷ Оруэлл
Tagalog: George Orwell
Türkçe: George Orwell
татарча/tatarça: Джордж Оруэлл
українська: Джордж Орвелл
oʻzbekcha/ўзбекча: George Orwell
vèneto: George Orwell
Tiếng Việt: George Orwell
Winaray: George Orwell
მარგალური: ჯორჯ ორუელი
Bân-lâm-gú: George Orwell
Lingua Franca Nova: George Orwell