Celsius

Orizjineel ûntwerp fan de termometer troch Celsius

Celsius is in temperatoerskaal. Hoewol't tsjintwurdich de temperatoer offisjeel yn de SI-ienheid kelvin útdrukt wurde moat, is graden Celsius (°C) noch altiten in soad brûkte en offisjeel tastiene ienheid. Oan de iene kant omt men de Celsiusienheid wend is en oan de oare kant omdat de deistige temperatoeren mei help fan dizze ienheid yn hânsume getallen útdrukt wurde kin. Yn de Feriene Steaten en Jamaika wurdt meastal de skaal fan Fahrenheit brûkt.Oarspronklik wie de Celsiusskaal definiearre mei twa itichpunten:

  • De temperatoer wêrby't wetter befriest by in loftdruk fan 1 bar is definearre as 0 °C.
  • De temperatoer wêrby't wetter kôket by in loftdruk fan 1 bar is definiearre as 100 °C.

It berik hjirtusken wurdt ferdield yn 100 like dielen.

Omdat sawol it friespunt fan wetter as it kôkpunt ôfhinget fan de hearskjende loftdruk ûntstie op termyn ferlet fan in bettere definysje. Sûnttiids is de skaal fan Celsius definiearre troch twa punten:

  • It tripelpunt fan wetter leit per definysje by 0,01 °C.
  • It ferskil tusken twa graden is definearre oan de hân fan it gedrach fan in ideaal gas.

It tripelpunt is in pûnt dêr't de trije fazes fan wetter (gas, floeistof en fêste stof) by elkoar bestean kinne. It tripelpunt is in fêste kombinaasje fan temperatoer en druk.

Ién graad Celsius temperatoerferskhil is like grut as ien kelvin ferskil. Mar 0,00 °C komt troch boppesteande definysje oerien mei 273,15 K en 100,00 °C mei 373,15 K. In temperatoer yn kelvin wurdt nei graden Celsius omrekkene troch der 273,15 fan ôf te lûken.

De graad Celsius is neamd nei de Sweedske astronoom Anders Celsius (1701-1744), dy't dizze skaal foar it earst foarstelde yn 1742. Oarspronklik hie Celsius foar eagen dat it friespunt fan wetter by 100° lizze soe, en it kôkpunt by 0°. Oaren (mooglik Carolus Linnaeus of Daniel Ekström) seagen dat leaver omkeard.

  • temperatoerskalen mei in tabel omrekkenje
  • sjoch ek

temperatoerskalen mei in tabel omrekkenje

Celsius
Fahrenheit
Kelvin
Rankine
Réaumur

Lês de data yn de tabel fertikaal: 0° Celsius komt oerien mei 32° Fahrenheit, 273 Kelvin, 492° Rankine en 0° Réaumur.

Other Languages
Afrikaans: Celsius
aragonés: Grau Celsius
asturianu: Grau Celsius
azərbaycanca: Selsi şkalası
беларуская: Градус Цэльсія
беларуская (тарашкевіца)‎: Градус Цэльсія
български: Градус Целзий
བོད་ཡིག: སེ་དྲོད།
brezhoneg: Derez Celsius
bosanski: Stepen Celzija
català: Grau Celsius
Cymraeg: Celsius
čeština: Stupeň Celsia
dansk: Celsius
Deutsch: Grad Celsius
English: Celsius
Esperanto: Grado celsia
español: Grado Celsius
euskara: Celsius gradu
فارسی: سلسیوس
føroyskt: Celsiusstigin
français: Degré Celsius
Nordfriisk: Graad Celsius
贛語: 攝氏
galego: Celsius
हिन्दी: सेल्सियस
hrvatski: Celzij
interlingua: Celsius
Bahasa Indonesia: Celsius
íslenska: Selsíus
italiano: Grado Celsius
Patois: Selsios
la .lojban.: jacke'o
ქართული: ცელსიუსი
한국어: 섭씨
Lëtzebuergesch: Grad Celsius
Limburgs: Celsiussjaol
lietuvių: Celsijus
latviešu: Celsija grāds
македонски: Целзиусов степен
മലയാളം: സെൽഷ്യസ്
मराठी: सेल्सियस
Bahasa Melayu: Celsius
Mirandés: Grau Celsius
Plattdüütsch: Grad Celsius
Nedersaksies: Celsius
Nederlands: Celsius
norsk nynorsk: Celsius
occitan: Gra Celsius
ਪੰਜਾਬੀ: ਸੈਲਸੀਅਸ
Piemontèis: Scala Celsius
پنجابی: سیلسیس
português: Grau Celsius
română: Celsius
sicilianu: Gradu cintigradu
Scots: Celsius
srpskohrvatski / српскохрватски: Celzijus
Simple English: Celsius
slovenčina: Stupeň Celzia
shqip: Celcius
српски / srpski: Степен целзијуса
Basa Sunda: Celsius
svenska: Grad Celsius
Kiswahili: Selsiasi
తెలుగు: సెల్సియస్
Türkçe: Celsius
українська: Градус Цельсія
اردو: سیلسیس
Tiếng Việt: Độ Celsius
West-Vlams: Celsius
Winaray: Sentigrado
吴语: 摄氏温标
中文: 摄氏温标
粵語: 攝氏
Bân-lâm-gú: Liap-sī