Biologyske lânbou

Biologyske lânbou yn Kapay, Feriene Steaten
Biologyske melkstâl yn Woerden, Nederlân

Biologyske lânbou is in lânboufoarm dêr’t mei klam rekken yn holden wurdt mei miljeu-effekten en de libbenstier fan bisten en dy’t yn de 20e iuw ûntstie as reaksje op it yndustrialisearjen fan de produksje fan iten. Foar syn lânboumetoaden jilde strangere foarskriften as foar dy fan de konfinsjonele lânbou. De strangere easken belangje it brûken fan bestridingsmiddels, it brûken fan keunstdong en it brûken fan genetysk modifisearre organismen oan. Der binne ferskate keurmerken dy’t it neikommen dêrfan kontrolearje.

Skaaimerken lânbou

Ien fan de útgongspunten fan biologyske bou is it idee dat it natuerlike boaiemlibben de fruchtberens fan de grûn ferheget en dat dat libben beynfloede wurde kin. [1] Yn positive sin troch it brûken fan bygelyks kompost en dong, yn negative sin troch it brûken fan keunstdong, bestridingsmiddes en swier ark dat de grûn tichtset. Dêrnjonken besykje de measte metoaden de natuer sa min mooglik te skansearjen en dêr wêr’t dat mooglik is ekologyske ynsichten yn te setten foar in optimale produksje.

It brûken fan bestridingsmiddels

Der wurde gjin syntetyske bestridingsmiddels brûkt yn de biologyske lânbou. Tastiene middels binne: [2]

  • Sjippe
  • minerale oalje
  • izer(III)fosfaat
  • baktearjepreparaten
  • kopersulfaat
  • swevel
  • pyretrine
  • plantaardige bestridingsmiddels

Der binne neffens de EU-rjochtline fyftjin bestridingsmiddels ( ynsektisiden, antyskimmelmiddels tastien, meast fergifstoffen út planten of baktearjes of mei in antagonistyske wurking. Sa is troch EU-feroardering nr. 404/2008 it ynsektiside (fan bakteariële oarsprong) Spinosad tastien. Spinosad is lykwols slim skealik foar bijen en mei dêrom net yn de bloeitiid brûkt wurde. Fierder legitimearret deselde feroardering ek it brûken fan kaliumkarbonaat en koperoktanoaat by de bestriding fan ferskate skimmelsykten.

Ek binne in tal ripingsbegeunstigers wol tastien. Sa is troch dizze feroardering it brûken fan etyleen yn beskate gefallen tastien, ûnder oare by it neirypjen fan sitrusfruchten.

Genetysk modifisearre gewaaksen

It brûken fan genetysk modifisearre gewaaksen is ûnder de (net wetlik fêstleine) kritearia fan de International Federation of Organic Agriculture Movements (IFOAM) en de (wetlik fêstleine) Jeropeeske feroardering foar biologyske lânbou net tastien.

De gewaakssoarte en de wize fan ferbouwen

Metoades dy’t brûkt wurde yn de biologyske ikkerbou en túnbou om it brûken fan bestridingsmiddels foar te kommen binne ûnder oare it kiezen foar resistinte rassen en fruchtwiksel wêrby’t gewaaksen minder frekwint op itselde stik boud wurde. Der wurdt in fruchtwikselskema fan fiif oant sân jier oanholden. By it opkommen fan sykten of pleagen rispje se bytiden earder. Wichtich is om te wurkjen oan de wjerstân fan planten en oermjittich bedongjen te mijen. Inkeld passe biologyske kwekers biologyske bestriding ta.

Keunstdong mei útsûndering fan kieserite mei net brûkt wurde, dong út oare feehâldersystemen sa min mooglik. Túch wurdt foar in grut part mei de hân of masinaal bestriden.

In soad biologyske boeren binne ek yn oare opsichten oars mei de lânbou dwaande as ‘gewoane’ boeren. Se ha faker in mingd bedriuw, (sawol ikkerbou as feehâlderij) en besteegje mear wurk en tiid oan natuerbehear op it bedriuw.

Other Languages
العربية: زراعة عضوية
অসমীয়া: জৈৱিক কৃষি
български: Биоземеделие
हिन्दी: जैविक खेती
Bahasa Indonesia: Pertanian organik
日本語: 有機農業
한국어: 유기농
မြန်မာဘာသာ: အော်ဂဲနစ်
മലയാളം: ജൈവകൃഷി
Bahasa Melayu: Pertanian organik
नेपाली: जैविक खेती
ਪੰਜਾਬੀ: ਜੈਵਿਕ ਖੇਤੀ
srpskohrvatski / српскохрватски: Organska poljoprivreda
Simple English: Organic farms
slovenščina: Ekološko kmetijstvo
српски / srpski: Organska poljoprivreda
Türkçe: Organik tarım
Tiếng Việt: Nông nghiệp hữu cơ
中文: 有機農業
Bân-lâm-gú: Iú-ki lông-gia̍p